augustus 27, 2021
fan Matteo Rosselli*
Goadinnedochter Semiramis
waard ta fûnling lein yn de woestyn
en fûn troch hoeder Simmas,
dy’t har stjoerde ’t libben yn.
Sy waard de frou fan stedshaad Onnes,
troch foarst Ninos die hy him tekoart,
dy’t Semiramis sitten
seach nêst him, syn eigen skat.
Goadinnedochter Semiramis
skonk de foarst in soan, dat wie it dan,
sy seach him net mear sitten
op ’e troan, it kaam derfan…
… dat sy de macht yn hannen krige,
har soldaten oprôp ta de striid;
de folken ha it witten
dat it waard folslein har tiid.
Har tiid soe lykwols ek ferrinne
nei’t de iennichst soan kaam op ’e troan;
as do fleach sy nei heger
sfearen, dat sy is nea stoarn.
* Matteo Rosselli (1578-1650)
Skilderij ‘Semiramis’
augustus 20, 2021
fan Peter Paul Rubens*
Semele,
kreaze keningsdochter,
oantaast troch god Zeus,
rap al swier fan Dionysos,
har begjin wie tsjuster,
oan de ein waard ’t ljochter.
Hera,
Zeus syn frou liet witte,
hy moast syn macht sjen
litte, har troch wjerljocht reitsje,
dus soe sy ferskroeie,
sa it bern ferjitte?
Dionysos
waard úteinlik berne
út ’e bil fan Zeus,
koe syn mem wer libben meitsje,
brocht har nei Olympos
om oan him te wennen.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Zeus en Semele’