oktober 15, 2021
fan Giambattista Pittoni*
Kin Polityk mei Leafde trouwe?
Leafde jout folslein har oer,
wylst Polityk syn slach slaan wol,
it is in kwestje fan fertrouwen.
Sophoniba hie gjin fertrouwen
yn foarst Syphax, mei wa’t sy
it libben diele moast, mar wol
yn Masinissa, mar fan trouwe…
… mei Leafde kaam it net… Romeinen
holden ’t tsjin, want Polityk
hie ’t foar it sizzen yn de rol
fan Masjinaasje, dus gjin seine…
… foar Leafde, dy’t úteinlik drinke
moast in folle beker gif,
foar Sophoniba in twongen rol,
wylst Polityk hie mar te winken.
* Giambattista Pittoni (1687-1767)
Skilderij ‘Dea fan Sophoniba’
oktober 8, 2021
fan ûnbekend*
Dichter, militêr en diplomaat,
hy wie dêrnêst ek hannelsman,
syn spoaren hie er wol fertsjinne,
letter kaam der ien spoar by:
as diallaktes wiisde hy it paad.
Middeler, dy funksje kaam him ta,
de lege en de hege stân,
dêrtusken moast it goed ferrinne:
grûn ferdiele, skuldefrij
troch ’t libben gean, sa woe Solon it ha.
Hûndert jier, syn wet joech hy dy kâns,
dan waard Athene it model
fan lykwicht tusken alle boargers,
mar de kâns gie gau foarby
troch tiranny, de stêd wie út balâns.
* Byld ‘Solon’