Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Zeus

Mytebylden

fan ûnbekend*

Hy waard net trochslokt troch syn heit,
lykas fiif oare bern fan Kronos,
want de mem ferburch har soan,
dy’t grutbrocht waard troch nimfen,
holpen troch de molke fan in geit.

As jonge briek er ôf in hoarn
as teken fan in striidber libben,
dronken fan it goademiel
mei ambrozyn en nektar,
hoarn fan oerfloed foar de goadesoan.

Heech op Olympos stie syn troan,
dêrwei seach Zeus de hiele ierde
oer mei yn de hân in pylk
dy’t flitste as de bliksem,
dêrmei rekke hy it minskdom oan.

As haadgod keas hy froulju út
yn wa’t er ’t sied oerfloedich struide,
wat brocht mei in leger bern
op ierde en Olympos…
Zeus seach ’t oan, ’t wie neffens syn beslút.

Byld ‘Zeus’

admin

Zenobia

Mytebylden

fan Nicolas Poussin*

Zenobia wie troud mei Rhadamistos,
dy’t it bloed fan Mithridates preau,
Armeenske kening , Romes bûnsmaat,
’t wie geweld dat Rhadamistos dreau.

Mar wa’t geweld brûkt, kin geweld ferwachtsje,
Rhadamistos waard bedrige troch de Part
en moast mei syn famylje flechtsje,
dat sy kriich fan ’t lijen ek har part.

Omdat de flecht Zenobia doe dûbel
swier foel mei’t sy yn ferwachting wie fan ’t bern
dat fijâns swurden net oerlibje
soe, seach sy de takomst as ferlern.

Sy frege Rhadamistos har te deadzjen,
dy’t oan bloed wol wend wie, hy ferloek gjin spier
en stiek har troch de lea, ek rekke
hy syn bern, it kaam yn de rivier.

De deastek hat Zenobia oerlibbe,
troch de hoeders waard sy op ’e igge fûn,
úteinlik kaam sy by de Parten,
dêr hat sy in dûbel libben wûn.

* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘Keninginne Zenobia’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum