Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Liuw yn de wyldernis

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Juda hat myn erfdiel west,
Ik hold fan ’t folk, myn allerleafste
ha ’k yn hannen fan de fijân jûn,
ek dêrfan bliuwt neat oer, gjin rest.

As in liuw gie ’t folk te kear,
it liet syn tosken sjen en grânze
tsjin syn Hear, as hie Ik him neat jûn,
dus bin Ik mei dit folk wol klear.

Better is syn fijân net,
dy hat it lân ferrinnewearre,
foar myn folk waard it in wyldernis,
troch rôvers is it lân beset.

Siedde waard noch wol it weet;
hoewol’t it folk him út ’e liken
skrept hat, kamen amper stâlen op,
myn grime soarge foar dit leed.

Skuorre sil ik út syn grûn
de fijân, mar myn eigen erfdiel
helje Ik út har fermidden wei,
want mei myn folk bliuw ik ferbûn.

Foto ‘Wyldernis’

admin

Bloeiend ûnkrûd

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Ik wit, de Hear stiet yn syn rjocht,
soe ik dan ha it folste rjocht
om as profeet in fraach te stellen?
Ik ha hjir lang oer tocht.

It giet de minne minsken goed
as steane sy wol yn har rjocht
om fleurich troch de tiid te kommen,
wylst goeden hawwe noed.

De minnen binne as in plant
dy’t net terjochte fruchten draacht;
sy prate mei in moaie mûle,
mar doge fan gjin kant.

Hear, skuor de minnen by ús wei
as skiep dy’t nei it slachthûs gean,
dat dier en fûgel by ús bliuwe
en ’t lân wer frucht jaan mei.

Ik moast it mei in min wurd dwaan,
gjin streekrjocht antwurd fan de Hear:
it soe tenei noch slimmer wurde…
mar kriich de minne mear?

* Bloeiend ûnkrûd?


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum