augustus 17, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Slaan, Jeruzalem, de eagen op
om út te sjen nei ’t noarden,
net om’t dêr de keppel is
dêrst sa mei pronke hast;
yn ’t noarden klinkt de rop
dy’t troch dy hinne skuort
as weeën by de frou yn ’t kreambêd,
want wa’t oer dy hearskje sil, komt hast.
Sjoch, Jeruzalem, nei ’t bûnte kleed
datst draachst mei oeral plakken
fan ’t kwea dat yn dy is,
nei bûten komt as hoer;
Iksels pak dyn kleed beet
en skuor it oer it hier,
yn ’t neaken rinsto oer de strjitte…
wit, dyn skande is fan lange doer.
Yllustraasje ‘Neaken’
augustus 13, 2022
fan Thomas Moran*
Jeremia
Wês net te grutsk foar iepen earen,
want de Hear is dy’t no sprekt
en rjochtet op syn folk de eagen,
jou oan Him as God de eare.
Ik sjoch jim oer de bergen rinnen,
fuotten stjittend tsjin in stien,
omdat jim dy net lizzen sjogge,
want de nacht ferdriuwt de sinne.
As jim net nei my harkje wolle,
gûl ik om jim grutske hert,
myn eagen rinne oer fan triennen,
jimme gean wurdt my tefolle.
Sis tsjin de kening dat hy sitte
sil op ’t plak dat is foar him
bestimd, dat foar in kening leger
is as tsjinners witte litte
Ynsletten binne alle stêden
yn it Suderlân, gjinien
kin dêr noch yn of út, as balling
wurdt gjin minske troch Him rêden.
* Thomas Moran (1837-1926)
Skilderij ‘De grutte blauwe boarne’