september 21, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Jeremia
De Heare seach twa minsken:
de iene wie ferflokt,
omdat syn hert ôfdwaalde,
de oar fertroude op de Hear,
op paden dêr’t syn hert nei taalde.
De ien stie op ’e steppe
en like op in strûk
mei inkeld keale tûken,
de oare stie folop yn blêd,
koe fan de stream it wetter brûke.
De Hear kin ’t hert bedjipje,
it iene is ferdoarn,
it oare liedt ta dieden
dy’t yn de eagen fan de Hear
it goede oan de minsken biede.
Sjedêr in man fan rykdom
dêr’t hy gjin rjocht op hat,
is in patrys op aaien
dy’t hy net lein hat, neat sil hy
op ’t hichtepunt behâlde meie.
* Foto ‘Keale strûk’
** Foto ‘Beam folop yn blêd’
september 17, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik moast wol sprekke as profeet,
want God spriek my de wurden foar:
‘Wa’t foar jim libbe ha,
sy rûnen achter goaden oan
en hiene my ferlitten;
jim folgen ek dat spoar,
de wei fan it ferhurde hert,
en lieten My mei jim kwea sitte;
dêrom smyt Ik jim it lân út
om oare goaden te oanbidden,
want dêr keas myn folk dochs foar?
Ik sjoch syn dwaan en litten,
My ûntgiet it kweade net,
’t komt dûbel op it folk wer del.
Wa’t foar jim libbe ha,
sy rûnen út Egypte wei,
want harren lot wie keard,
fan slavernij nei de befrijing;
jim folgje yn datselde spoar,
it paad nei ’t eigen lân wer ta,
de ein fan alle lijen.
Myn folk lit Ik dan witte
dat myn namme is de Hear,
geweldich is syn macht,
foar nimmen ea te mjitten,
in sterke stins bin Ik,
in taflecht yn de neare nacht…
wat makket dan in ôfgod klear?’
Foto ‘Stins’