september 27, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Troch de Benjaminspoarte
klonken wurden fan de Hear,
it wie de poarte dêr’t de foarsten
en ek mannichten trochkamen
mei har frachten, mear en mear.
‘Yn de Benjaminspoarte
silsto stean en sprekke oer
de frachten troch de poarte op ’e
sabbat… wrotte en mar wrame,
lykas wie der rêst noch doer.’
Troch de Benjaminspoarte
komme keningen as jim
de sabbat wol yn eare hâlde;
op ’e troan fan David sitte
sy… sjaloom, Jeruzalem!
Troch de Benjaminspoarte
komme minsken oeral wei,
dy’t harren oan de sabbat hâlde,
oan de Heare offers bringe…
’t soarget foar in ommeswaai.
Foto ‘Poarte’
september 24, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Wat kin ik as profeet noch dwaan
no’t om my hinne ’t ûnheil beart,
myn wurd it folk net rekket?
Ik bûch de holle om te bidden,
de Heare alle lof te jaan.
Jo hearlikheid riist nei de troan,
dy’t stiet by ús yn ’t hillichdom,
dêr’t Israel ferwachte
it heil, mar ’t folk hat Jo ferlitten
en lûkt it kleed fan skande oan.
Ik fiel my mei dit folk ferbûn,
joech troch it wurd dat klinke moast:
‘Rêd my en ik bin rêden,
Jo binne troch de tiid de welle,
dat wetter makket my wer sûn.’
Sy kearden harren fan my ôf,
mar ha ik oanstien op in ramp,
it folk brocht yn ellinde?
Jo wurden kamen oer myn lippen,
dus Heare, bring my net yn ’t nau.
Foto ‘Welle’