oktober 1, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik hear de Heare sizzen:
‘Myn Israel hat as jongfaam
ôfgriselike dingen dien,
dêr’t sels de heidenfolken
hiel ferheard oer binne.’
Ik hear de Heare sizzen
dat fan de Libanon de snie
net teie sil en fan de beek
it wetter net ferdrûget
yn de hjitte sinne.
‘Myn folk hat wol fergetten
syn Hear, dy’t útgiet boppe snie
en beek, it bringt foar dingen dy’t
neat binne, hieltyd offers,
’t lân leit der sa hinne.’
Ik hear de Heare sizzen
dat stroffelstiennen lizze
op it âlde paad, sadat it folk
de sydwei kiest fan ôffal,
dêr’t it rint allinne.
‘It lân wurdt sa in skande,
dus sil myn folk ferstowe foar
de fijân op ’e eastewyn;
Ik kear it ta de nekke…
sil men My noch kenne?’
* Foto ‘Snie op ’e Libanon’
september 28, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
De pottebakker liet my sjen
wat hy die mei in pot
dy’t neffens him mislearre wie:
de pot kaam net teplak,
de klaai gie lykwols net ferlern,
in oare pot kaam dêrút fuort.
De Hear ferklearre wat ik seach:
‘It folk is as de klaai
dy’t hjoed de dei mislearre is
as pot, krijt dus gjin plak,
komt op ’e nij foar ’t each
wannear’t it folk it goede docht.’
Mar ’t folk as klaai feroare net,
it gie syn eigen gong,
mislearre foar it each as pot,
kriich fan de Hear gjin plak
troch syn ferhurde hert…
de pottebakker hie syn nocht.
* Foto ‘Pottebakke’