oktober 29, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
fan ûnbekend***
Jeremia
Trije foarsten moast ik as profeet
it grutte ûnheil bringe:
Joächaz en Jojakim
en dêrnei ek noch Jojakin,
it wiisde min.
Joächaz, do moatst net skrieme om
in deade, sit net oer him
yn, want mei dysels is ’t slim,
werom komsto yn Juda nea,
do giest oars dea.
Jojakim, do sikest eigen rom
en litst lúks foar dy bouwe,
dochst gjin rjocht, mar seist: ‘Ik nim
wat ik yn Juda krije kin!’
Dyn dea wiist min.
Jojakin, do joechst neat om myn wurd
en woest yn sederbeammen
troanje, lûd klonk dêr dyn stim,
mar swije silst yn Babels gea,
want dêr giest dea.
* Ofbylding ‘Joächaz’
** Ofbylding ‘Jojakim’
*** Ofbylding ‘Jojakin’
oktober 26, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Wer moast ik nei it keningshûs,
wer nei de foarst op Davids troan,
hy moast in foarbyld wêze foar it lân,
ik spriek troch him it folk ek oan:
‘Soargje foar gerjochtichheid,
ferlos wa’t is yn wrede macht,
doch frjemdling, wees en widdo rjocht
en meitsje net op ûnskuld jacht.
Hâlde jim hjir trou oan fêst,
dan rydt de foarst, op Davids troan,
mei ’t hiele folk de keningspoarte troch,
gerjochtichheid komt bliid fan toan.
Harkje jim net nei myn wurd,
dan wurdt it lân in woestenij,
de poarte fiert nei in ferlitten stêd,
sa giet it heil oan jim foarby.’
* Foto ‘Ferlitten stêd’