Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Twa soarten figen

Bibelbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Jeremia

As profeet kriich ik in fisioen:
twa kuorren mei twa soarten figen,
ripe dy’t goed smakken,
mar de oare figen wiene min,
de Hear hat de betsjutting jûn.

Ryp is ’t folk dat balling wurden wie
yn Babel, want it soe nei jierren
wer de frijheid smeitsje
yn it eigen lân, it hie wer sin
te witten wat de Heare die.

Min is ’t folk dat achterbleau yn ’t lân,
de kening en de hege hearen
binne net te iten;
oarloch, honger, pest is it ferrin
foar har, sa’n libben hâldt gjin stân.

* Foto ‘Ripe figen’
** Foto ‘Net te iten figen’


admin

Lêst

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

De útspraak fan de Hear
wol ’t folk perfoarst net hearre,
it heart allinnich wat it hearre wol
en is dêrmei de Hear ta lêst.

De wurden fan de Hear
ha ’k as profeet wurdearre
en trochjûn oan it folk, sa’t Hy dat wol,
mar ’t joech my neat, allinnich lêst.

De útspraak fan de Hear
oer lêst wurdt no ferklearre:
syn wurd is stjerrend wier, de mjitte fol,
it folk fernimt de swiere lêst.

Yllustraasje ‘Lêst’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum