Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Beker bittere wyn

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

In beker kriich ik fan de Hear,
fol mei de wurden fan syn grime,
wyn dy’t bitter oer de tonge glydt:
‘Lit drinke alle folken fan de ierde,
alles rekket men troch oarloch kwyt.’

De beker naam ik mei de wrâld
oer, liet de folken dêrút drinke,
earst de kening fan Jeruzalem
en alle hege hearen, ek yn Juda,
hiel it lân waard rekke, ’t eage slim.

De foarst fan Babel kaam it lêst
oan bar: ‘Ek do wurdst dronken, koarrest,
falst derhinne, komst net wer oerein,
want yn de oarloch sil it swurd dy reitsje,
dizze wurden hat de Heare sein.’

* Foto ‘Wynbeker’


admin

Santich jier Nebûkadnessar

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Al trijentweintich jier bin ik
de tsjinner fan de Heare God
en op ’e nij moat ik warskôgje,
want harkje woene jimme net…
hoe lang sil ’t folk it kwea meitôgje?

Kear jim om nei ’t rjochte paad,
dan bliuwe jim op eigen grûn,
dus rin net achter oare goaden
oan, tsjinje en oanbid dy net,
want dat wie net wat God bekoarde.

Nebûkadnessar ropt Hy op
en bringt dy kening yn ’t gewear
tsjin jim en folken om jim hinne,
elk fleurich lûd ferstommet dan,
in brulloftsfeest sil sa ferrinne.

Dat lijen duorret santich jier,
dan sil ’t dy kening ek fergean
lykas jim, syn lân wurdt makke
ta in wyldernis, hy komt yn noed,
in oare foarst nimt him te pakken.

* Yllustraasje ‘Nebûkadnessar’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum