Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Rede fan Jeremia

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Ik stean no yn it foarhôf
fan de timpel yn Jeruzalem
en fiel it hert fûl klopjen,
want ik sprek hjoed as profeet
al wer yn opdracht fan de Hear,
dus minsken, harkje nei myn stim.

As jimme no net harkje
wolle nei de wurden fan de Hear,
troch syn profeten sprutsen,
dy’t Er nei jim tastjoerd hat,
dan wurdt de timpel mei de grûn
gelyk en komme jim yn ’t near.

Ik sjoch de prysters kommen,
hear profeten roppen dat ik bin
net ien fan har, de grime
keart him tsjin my as profeet,
it hiele folk grypt my no oan:
‘Wat hat syn libben noch foar sin?’

Yllustraasje ‘Timpel yn Jeruzalem’

admin

Slachting

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

De Heare brinzget fan omhegen
as in liuw syn grime út,
foar Kanaän en hiel de ierde
komt syn lûd geweldich oer,
want rjochtdei hâldt Er oer de dieden
dy’t net doge, lykas Babels toer.

In fûle stoarm raast oer de ierde
út en nei de hoeken ta,
fiert mei it folk dat wurdt ta liken,
yn it lân bliuwt nimmen oer,
sawol de earmen as de riken
wurde dong, del komt ek Babels toer.

Gûl hoeders, rôlje yn de moude
om en raas jim pine út,
it is no tiid foar jimme slachting,
dat fan jim bliuwt neat mear oer,
de Heare brinzget fan ferachting,
fernielt jim weidlân, lykas Babels toer.

Foto ‘Brinzgjende liuw’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum