Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Profeten oer it jok

Bibelbylden


fan ûnbekend*
Jeremia

Chananja kaam as nep-profeet
mei eigen wurden yn de timpel:
‘Harkje nei de wurden fan de Hear,
Dy’t binnen twa jier Babels jok
yn stikken slacht, de ballingen
werombringt nei Jeruzalem
en ek it timpelguod… de ommekear!’

It wurd fan Jeremia klonk:
‘Al wat jo hjir no profetearje,
guod en balling komme gau werom,
soe liede ta it grutste lok;
as útkomt wat jo preke ha,
dan hat de Hear dit boadskip jûn
en keart foar dizze stêd de tastân om.’

Doe naam de nep-profeet it jok
op slach fan Jeremia’s nekke,
sloech it stikken, naam opnij it wurd:
‘Sa wurdt it jok fan Babel slein
yn stikken ta ús eigen lok.’

It wurd fan Jeremia klonk:
‘It houten jok wurdt ien fan izer,
swier leit Babel dit de folken op
en do, Chananja, wurdst ek slein,
komst nea wer op it eigen honk.’

Yllustraasje ‘Jeremia en it jok’


 

admin

Falsk praat

Bibelbylden


fan ûnbekend*
Jeremia

Ik moat de kening sprekke
oer profeten mei falsk praat
om tsjin de foarst fan Babel
yn te gean, wat jout gjin baat.

Hy moat nei har net harkje,
want de Hear hat se net stjoerd,
de foarst fan Babel moat er
tsjinje, wat grif sparret bloed.

Ik moat de prysters sprekke
oer profeten en har wurd
dat timpelskatten komme
wol werom, sy lige hurd.

Sy moatte dit noch witte
dat it guod dat der noch is,
ek giet nei Babels kening…
dy profeten ha ’t dus mis.

* Yllustraasje ‘Timpel(skatten)’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum