januari 4, 2023
fan ûnbekend*
Ik sis it folk de leafde oan
fan God dy’t Israel lang lyn
troch de woestyn werombrocht
nei it lân fan heit en soan.
Hy bringt it folk no út it lân
yn ’t noarden nei de eigen grûn,
sawol de blinen as de
lammen yn in hecht ferbân.
De frou dy’t swier is fan in bern,
giet mei de mannichte werom,
wa’t gûlt, sil treaste wurde,
God sil yn de need foarsjen.
It folk leit nije wyngerds oan,
wa’t plante hat, krijt ripe frucht;
de wachters op ’e bergen
roppe: ‘Kom nei Sions troan!’
De fleur komt yn it lân werom,
de trommen bûnzje foar de dûns
dy’t útfierd wurdt troch fammen,
nûgjend roppe sy lûd: ‘Kom!’
Foto ‘Tromme’
december 28, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Al wat de Heare sprutsen hie,
moast komme yn in boek,
dus moast ik my ta skriuwen sette,
wat ik fuortendaliks die:
In man brocht nea in bern te wrâld,
mar wol klonk der in lûd
as waard in lytse poppe berne,
wat beneare jong en âld.
Gjin ein kaam oan it skrille lûd,
de manlju wiene bleek,
de hannen leine op ’e heupen
as beseagen sy it bloed….
benearjend is de tiid fan Jakob,
mar hy komt der goed trochhinne.
Dus tsjinstfeint Jakob, wês net bang,
want komme sil de Hear
dy’t dy út fiere kriten hellet,
dan klinkt lûd dyn blide sang.
Mei heidenfolken weeft Hy ôf,
mar Jakob libbet frij
yn ’t eigen lân om rêst te krijen
mei syn neiteam en syn frou…
tanklieten sille dan wer rize,
omdat Jakobs bern oanwinne.
* Yllustraasje ‘Boekrol’