januari 25, 2023
fan ûnbekend*
De kening hat my finzen nommen,
want ik profetearre tsjin him yn:
‘Nebûkadnessar sil gau komme
om yn te nimmen dizze stêd,
de kening sil dan net ûntkomme.’
Doe kriich ik fan myn neef besite
nei’t de Hear syn komst al trochjûn hie,
hy woe syn hoeke lân wol slite,
want neffens him hie ’k lossersplicht,
it koe net oars, ik moast tabite.
Ik ha de fêste priis betelle:
santjin sikkels, dêrnei makke ik
de akte op, ha tsjûgen helle;
it lân waard mear as myn besit,
it koe de takomst ek fertelle:
It folk sil letter sels wer keapje.
* Yllustraasje ‘Jeremia keapet lân’
januari 21, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
De Heare jout de oardering
fan sinne, moanne en de stjerren,
ljocht by dei en ek by nacht,
Hy bringt de see yn ûnstjoer,
weagen litte harren hearre.
De oardering rint altyd troch:
de stjerren, moanne en de sinne
skine klear foar Israel
tenei, de Hear syn naasje
sil mei Him oan oarder winne.
De Hear kin troch syn oardering
de hichte fan de himel mjitte,
ek it ierdske fûnemint
bedjipje, dêrom sil Hy
nea syn eigen folk ferstjitte.
* Yllustraasje ‘Kosmyske oardering’