februari 8, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Trije bylden fan de Heare
sprieken my bysûnder oan,
beljochten Davids keningskip,
’t gie troch de tiid fan soan op soan.
Der komt in nije tiid fan David,
syn keningskip sprút dan wer út
en soarget yn it lân foar rjocht,
dat Juda kin dan feilich wenje
yn Jeruzalem, de stêd fan heil.
Wa kin de oardering ferbrekke
fan dei en nacht nei Gods beslút?
’t Ferbûn mei David stiet ek fêst,
wurdt troch gjin sterveling ferbrutsen,
dat op heit syn troan komt soan op soan.
Wa kin it leger stjerren telle,
de kerrels sân fan noard nei súd
dy’t oanfierd wurde troch de see?
Safolle neiteam krijt myn tsjinner
David, sa ferskynt in ivich heil.
* Foto ‘Stjerren’
februari 4, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
It lân lei der ferlitten hinne,
sels gjin bist wie dêr te sjen,
lit stean fan dat dêr minsken wennen…
wie alles dan ferlern?
De stêd lei der ferrinnewearre
by, de strjitte sûnder bern
wie foar gjinien mear te werkennen…
wie alles dan ferlern?
Mar harkje wat de Hear te sizzen
hat nei alle kriichsgeweld
dat útrûn op in protte liken
fanwege ’t rjocht dat telt:
In bliid en fleurich lûd
fan brêgeman en breid,
fan tank oan God de Hear,
syn dieden binne goed.
It lot fan lân en stêd wurdt omkeard:
keppels binne wer te sjen
op ’t fjild en yn de stêd op strjitte
dêr boartsje wer de bern.
* Yllustraasje ‘Keppel skiep’