maart 4, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
’t Wie winter en foarst Jojakim
siet mei syn pommeranten
om him hinne noartsk te harkjen
nei Jehûdy dy’t de rolle lies
fan skriuwer Barûch , wurden
fan Jahweh troch de profeet.
De wurden yrritearren him
as foarst, fan alle kanten
fielde hy him oantaast yn syn
eare, dus liet hy de rolle part
nei part ferbrâne yn de
fjoerpôt… skuorde ien syn kleed?
Berou wie der net by, syn stim
klonk lûd: ‘Ik jou befel om
skriuwer Barûch op te pakken,
lykas Jeremia de profeet.’
* Foto ‘Fjoer’
maart 1, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
De pommeranten woene witte
hoe’t it mei de rolle siet
en lieten Barûch komme:
‘Skriuwer, gean gau sitten,
lês ús foar, kom ta de died!’
It barde sa’t de hearen seine:
Barûch lies de rolle foar
sa’t Jeremia sprutsen
hie, de hearen heinden
wurden, net passend yn har spoar.
De pommeranten woene witte
hoe’t de rolle kaam ta stân
en wiene earst ferstomme;
Barûch mocht net sitten
bliuwe: ‘Stean net yn bestân!’
De hearen setten nei ’t paleis ta,
lieten witte: ‘It sit sa,
dy wurden ha ús stutsen!’
* Yllustraasje ‘Boekrolle’