Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Pine as erfenis

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

It barde dat it leger
opbriek by Jeruzalem
fanwege farao syn leger,
Jeremia koe wer gean.

Hy wie altyd ynteger,
moast dy deis nei Betlehem
foar saken, ’t gie om de famylje
rie te jaan… in erfenis.

Mar doe’t hy by de poarte
kaam mei sicht op Betlehem,
waard hy ûnskuldich arrestearre:
nei de fijân soe hy gean.

Wat soe hy fierder moatte?
Betlehem wie net it doel…
se ha him yn de kelder smiten:
pine as syn erfenis.

* Yllustraasje ‘Finzenis’

admin

De twadde rolle

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Jeremia kriich te hearren
fan de rolle yn it fjoer,
dêr’t gjin wurd fan oerbleaun wie;
hy heinde fan de Heare op
de opdracht foar in twadde rolle
mei mear wurden oer in min bestjoer.

Jeremia kriich te hearren
dat hy nei de kening moast
mei it boadskip fan syn die:
’t ferneatigjen yn lôgjend fjoer,
mar ek dat hy mei gauwens falle
soe as lyk troch ’t swurd fan Babelsk foarst.

Kening Jojakim hat dûbel
witten fan it lôgjend fjoer
dat syn fijân bringe soe,
syn lyk waard foar de bisten foer.

Foto ‘Boekrolle’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum