maart 25, 2023
fan ûnbekend*
fan James Tissot**
It moast der wol fan komme
dat de driging fan de legermacht
fan Babel oergie yn de oanfal:
Jeruzalem waard nommen.
It is der ek fan kommen
dat foarst Sedekia hie gjin macht
mear, hy is út ’e stêd wei flechte,
mar letter finzen nommen.
Hy seach noch dat syn soannen
deade waarden foar’t foar him de nacht
kaam troch ’t ferlies fan beide eagen,
nacht sûnder stjer en moanne.
Syn polzen kriich er boeien
om, nei Babel rûn mei dy fracht;
Jeruzalem gie op yn flammen,
wat bloeid hie, moast ferskroeie.
It is der ek fan kommen
dat foar Jeremia kaam de dei
fan sicht op ’t strieljen fan de sinne…
sykhelle hy ferromme?
* Yllustraasje ‘Kening Sedekia as finzene’
** James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Babyloanyske ballingskip’
maart 22, 2023
fan ûnbekend*
Kening Sedekia hie ferlet
fan Jeremia’s ynformaasje
oer wat barre soe mei him
en fierder mei Jeruzalem,
hy frege ’t mei in wiffe stim.
Jeremia hie as antwurd dat
de kening ’t libben rêde soe as
hy him oerjoech oan de foarst
fan Babel, ek Jeruzelem,
it gie mei alles sa’t it moast.
Mar as Sedekia dat net die,
dan soe de stêd yn hannen falle
fan de foarst dy’t stiek it fjoer
oan yn wat ek mar brâne woe,
it wie ek mei de kening oer.
Sedekia woe perfoarst net dat
de hege hearen hearden dat er
wist wat waard it lot fan him
en fierder fan Jeruzalem,
hy sei it mei in wiffe stim.
* Yllustraasje ‘Jeremia yn petear
mei kening Sedekia’