maart 30, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Jeremia seach de minsken
treurjen om it swiere lot,
se hiene keattings om de polzen,
moasten mei nei Babel ta…
wat waard syn eigen lot?
Jeremia seach de liifwacht-
kommandant, dy’t him de kar
liet tusken balling of frijman,
iepen lei it hiele lân
foar him, wat waard syn kar?
Jeremia hearde hastich
sizzen dat er rap werom
moast nei Gedalja as frijman,
dat hy makke sels gjin kar,
gie nei syn lân werom.
* Gevelskildering ‘Jeremia’
yn Alfeld, Dútslân
maart 29, 2023
fan ûnbekend*
Ebedmêlek wie in eunúch
út it fiere Etiopië,
dy’t Jeremia rêden hat
troch ’t hysjen út ’e djippe wetterbak;
hy kaam terjochte op it krekte plak,
yn it paleis foar in petear.
Ebedmêlek seach de flammen
heech oplôgjen yn Jeruzalem
en ek it folk dat finzen wie;
hy kaam doe op it krekte plak,
fan Jeremia kriich er syn gerak,
it wie yn opdracht fan de Hear.
* Yllustraasje ‘Ebedmêlek rêdt Jeremia’