Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Massale moardoanslach

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Gedalja kriich fan elk de ear
dy’t achterbleau yn ’t heitelân,
as foarst regearre hy yn Mispa;
’t wie de kommandanten nei it sin,
mar Jochanan wist, ‘t hold gjin stân.

Dy kommandant hie in skerp ear,
dat heinde op in moardoanslach:
de kening fan de Ammoniten
hie oan Jisjmaël de opdracht jûn,
dêrfan die Jochanan ferslach.

Gedalja fûn soks wie net wier
en nûge Jisjmaël oan ’t miel
mei tsien man fan de Ammoniten;
Jisjmaël sloech doe Gedalja dea,
syn tsjinners krigen ek har diel.

* Foto ‘Festeldei nei oanlieding
fan de moard op Gedalja’ 


admin

Gedalja oan it regear

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Gedalja waard as nije hearsker
oansteld ûnder Babelsk foarst,
yn Mispa kaam er oan ’t regear,
Jeruzalem bestie net mear.

Nei Mispa kamen kommandanten
freegjend hoe’t it fierder moast,
it wie foar har in ommekear,
Jeruzalem bestie net mear.

Gedalja spriek har nije moed yn:
‘Jou jim ûnder Babelsk foarst
mar del, dan komt it grif wol klear,
want wat earst wie, bestiet net mear.’

Wa’t net nei Babel meifierd wiene,
mochten wenje yn it lân
en bringe fan de fjilden gear
wyn, simmerfruchten en noch mear.

Judeeërs kamen út ’e lannen
nei har heitelân werom,
elk seach Gedalja as har hear,
joech him en Babelsk foarst de ear.

Foto ‘Lânskip yn Israel’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum