april 26, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Gods wurd berikte Jeremia
yn Egypte ek, it slavelân
dêr’t Juda’s foarfaars bodde hiene;
de Hear brocht doe it folk ta stân,
mar no leit Hy it flymjend del.
De foarfaars hiene goaden tsjinne,
har de jierren troch rûkoffers brocht,
sadat Gods grime oer har flamme;
fan jimme hat Hy ek syn nocht,
Jeruzalem kaam dêrom del.
Mar yn Egypte kin God jim ek
fine, lykas yn Jeruzalem,
jim komme om troch swurd en honger,
gjinien ûntkomt, gjin heit en mem,
it komt folslein op delslaan del.
Doe kamen manlju en har froulju
mei as antwurd dat it har neat die,
de keninginne fan de himel
ferearen sy, lykas it gie
by foarfaars, dêr kaam ’t wol op del.
Gods wurd gie tsjin dat fan de manlju,
hold úteinlik yn Egypte stân,
want farao soe ek omkomme
troch foarst Nebûkadnessars hân,
de macht fan ’t slavelân kaam del.
* Yllustraasje ‘Egyptyske keninginne’
april 22, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
It folk kaam yn Egypte oan,
it lân fan hurde slavernij,
dêr’t de foarfaars neat te sizzen
hiene, mar dy tiid wie doe foarby.
De sinnetimpel wie it plak
fan goaden dy’t it folk opnij
op ’e knibbels lizze lieten…
wie de slavernij foargoed foarby?
Doe hearde Jeremia ’t wurd
fan God, hy moast in teken jaan
oan de farao en folken
troch twa stiennen yn de flier te slaan.
Want op dy stiennen kaam de troan
fan kening Nebûkadnessar,
dy’t de hearsker fan Egypte waard, foar
farao en folken wie it bar.
De sinnetimpel rekke plat,
it leger tôge goaden mei,
brûkte ’t swurd om dea te stekken,
’t wurd fan Jeremia wie dernei.
Foto ‘Sinnetimpel’