mei 10, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
De Heare spriek ek wurden
oer de Filistinen,
Jeremia heinde op
dat skrine soe de pine:
De floed komt út it noarden
wei, it lân strûpt ûnder,
ek de stêd mei al syn folk,
gjin sprake fan in wûnder.
De kletterjende hoefslach
dreunt elk yn de earen,
dy’t ek heine ’t ratteljen
fan weinen, hear it bearen!
De hannen fan de heiten
hingje slop, se sjogge
net mear om nei harren bern,
lit stean wat sy dan dogge.
De stêden ha gjin helpers
dy’t fan bûten komme,
Gaza skeart him dêrom keal
en Asjkelon ferstommet.
Gjin rêst wurdt gund de swurden
dy’t oproppen binne
troch de Hear tsjin Asjkelon,
sjoch hoe’t se deadzje kinne.
Foto ‘Filistynske ruïne’
mei 6, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
De Heare makke my bekend,
ik soe Egypte ’t lot oansizze
fan syn ûndergong, want Babelsk foarst
kaam mei syn leger út it noarden wei,
de goaden kamen leech te lizzen.
De farao is dat net wend,
hy praat mei eigenwize wurden
oant syn wankel ryk troch ’t needlot barst
troch ’t machtich leger út it noarden wei,
dat slacht mei bilen en mei swurden.
Egypte wie in sterke ko,
mar sil as stille slang fuortslûpe,
want de fijân komt en is der hast;
’t manmachtich leger út it noarden wei
lit dochters fan Egypte krûpe.
De Heare makke ek bekend,
it lân sil op ’e nij bewenne
wurde, ek it gea fan Israel;
dan hellet Hy syn folk út Babel wei,
it sil Him as syn Rêder kenne.
* Foto ‘Egypte as slang’