mei 31, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
De Heare set syn troan yn Elam,
eastlik fan it grutte Babelsk ryk,
en reaget foarst en riken út ’e wei,
gjinien fan har fynt noch ûntwyk.
De bôge fan dat folk wurdt brutsen,
dat gjin tûke kriger yn de striid
sjit noch in pylk, it folk giet út ’e wei,
der komt in ein oan Elams tiid.
De Hear ropt op de fjouwer winen,
dy’t ferdriuwe sille Elams folk
nei fjouwer streken, dêr’t de wyn weikomt,
dy’t tsjinnet foar de Hear as tolk.
Gods gleone grime sil har treffe,
triljend stean sy foar de fijân oer,
dan komt it flymjend swurd op harren wei,
mar Elams lot keart op ’en doer.
* Yllustraasje ‘Bôgesjitter’
mei 27, 2023
fan ûnbekend*
De Hear ropt Babelsk kening op:
‘Ferdylgje stammen yn it easten,
nim har tinten en it húsrie ôf
en ek it lytsfee, de kamielen.’
‘Rûnom is gefaar!’ sa klinkt de rop.
De Heare ropt jimsels ek oan:
‘Nebûkadnessar hat al makke
’t plan om mei it leger op te tsjen,
dus meitsje dat jim rap fuortkomme.’
‘Rûnom is gefaar!’ klinkt skril fan toan.
De Hear ropt Babelsk kening op:
‘Fal oan de soargeleaze stammen
dy’t har feilich fiele, sûnder mis,
sy skoattelje net ôf har poarten,
stekke heger noch it grutske krop.’
De Heare ropt de stammen oan:
‘Al jim kamielen wurde rôfguod,
jimme keppels geane mei as bút,
de jakhals sil jim plak ynnimme,
’t hiele gea is nei de rop útstoarn.’
* Foto ‘Tinte en kamiel’