Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Keapman yn rou

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Hy wist, it libben hat in ein,
elk kriget nei de dea in plak,
mar Sara… ’t skrynde troch him hinne:
syn leave frou, de mem fan Izaäk,
de lêste wurden wiene noch net sein.

As keapman yn de djipste rou
moast hy noch soargje foar de grûn
om Sara yn de rots te setten,
foar ’t folle pûn hat hy in grêffjild wûn,
mar wat wie jild foar syn ferstoarne frou?

Mei Izaäk rûn hy de wei
de djipte yn oant foar it grêf
fan Sara… ’t skrynde troch him hinne,
hy gie it paad omheech, syn soan as stêf,
want yn de fierte ljochte wer de dei.

Image

* Tekening ‘Sara’s begraffenis’

admin

Nim Izaäk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Peter Paul Rubens*

De rop klonk foar de twadde kear,
al wer in kearpunt yn ’t bestean
fan Abraham, de man fan ’t hearren:
‘Nim Izaäk, dyn soan, en do silst gean,
wat jûn is, joust werom oan My, dyn Hear.’

De steapel stiennen leine klear
en dêrop stie in skaal mei fjoer,
it skrynde, want syn soan soe stjerre,
hy moast it nimme, joech him dêroan oer,
mar ûnder ’t slypjen fan it mes, die ’t sear.

Image

Opnij in rop, de tredde kear
dat hy folslein yn twivel stie,
omdat it oan hâldfêst mankearre:
‘Nim Izaäk, dyn soan, kom ta de die
en meitsje yn syn plak de raam mar klear.’

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘It offer fan Abraham’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum