juni 14, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
Alle minsken sille stjerre,
ek in kening giet dy wei,
Nebûkadnessar rûn itselde paad
al frettend gers fanwege waansin;
Ewil-Merodak kaam oan ’t bewâld,
nei syn gewisse soe hy hearre.
Kening Jojakin siet finzen
sânentritich jier, syn wei
hie west fan Juda nei in tsjuster oard
yn Babel, mar hy libbe, waard troch
alle lijen hinne dochs noch âld,
hy gie sels doe wer oer de grinzen.
Ewil-Merodak joech graasje
oan foarst Jojakin, syn wei
rûn doe fan sel nei keninklik paleis,
hy siet by Babelsk foarst oan tafel,
kriich foldwaande foar syn libbensûnderhâld,
it libben kriich dêrtroch wer faasje.
* Yllustraasje ‘De graasje fan Jojakin’
juni 10, 2023
fan Rembrandt*
Jeremia
Ik, Jeremia, as profeet
sjoch ik werom op wat der bard is,
dat Gods folk fan syn ferline wit,
nêst freugde hearsket heech it leed.
Kening Sedekia hearske
net sa’t hearde, dat Jeruzalem
en Juda kamen yn ellinde
troch de macht fan Babelsk foarst:
honger hearske rûnom yn de stêd,
sadat de mem ferlear har bern;
de kening flechte mei syn soannen,
wat Babelsk foarst net sinde:
foar de eagen fan de heit
waard soan nei soan de dea ynjage,
Sedekia waard nei Babel fierd
as bline balling, boeid de hannen;
wa’t noch eagen hie, koe sjen
wat barde mei Jeruzalem:
de muorren kamen rûnom del,
paleis en timpel brânden ôf,
goud en sulver waarden meifierd;
it like as yn ’t lêste fan de dagen:
hearskers wiene eangst, panyk en dea,
wa’t oerbleau, wie djip yn de rou.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Jeremia treurjend om Jeruzalem’