juli 22, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
In beam is Israel
yn folle bloei fan ûnrjocht,
ek folop yn ’t blêd fan oermoed,
goddeleazens sjit op nei syn krún,
dy beam komt kreakjend del.
De keaper hat gjin goed
gefoel, gjin wearde hat syn
guod, ferkeapers jild krijt ek gjin
doel, want alles giet ferlern,
de ein rint út op bloed.
De ein fan Israel
komt troch syn dwaan en litten,
syn oermoedige praktiken,
’t rjocht komt del en wurdt ta pún,
God is net mear yn tel.
God makket dan in ein
oan alle goddeleazens,
rampen komme oer de minsken,
útkomst is net mear te sjen,
dêrmei is alles sein.
* Foto ‘Deade beam’
juli 19, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Minskesoan, do moatst no profetearje
tsjin de bergen, heuvels en falleien,
want Ik sil har treffe mei it swurd,
ferbrizelje de offerhichten,
ferneatigje de wijreekalters,
de stêden wurde ta ruïnes,
it folk ferfalt yn lijen
troch honger, pest en swurd.
Mar in part sil oan de dea ûntkomme,
wurdt ferstruid oer bergen, troch falleien,
komt as balling yn de frjemdte oan,
hat skamte foar de offerhichten,
ferachtet djip de wijreekalters,
dat part sil dan wer oan My tinke
hoe’t Ik it brocht yn lijen,
it sjocht My dan wer oan.
Foto ‘Offerhichte’