augustus 30, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Ik kriich in wûnderlik gesicht
foar eagen as de minskesoan
dy’t al yn Babel wenne,
mar it barde yn Jeruzalem.
De kearûb-ingels, fearrelicht,
sy sloegen harren wjukken út,
wylst ek de tsjillen njonken
har beweegden by de loft lâns mei.
Doe riisde boppe alles út
de hearlikheid fan God de stêd
út, oan de eastkant wie it
ho, dêr bleau de Heare strieljend stean.
In wynpûst naam my ta beslút
mei nei de ballingen werom,
oan wa’t ik witte liet dat
der beweging yn de tastân kaam.
* Yllustraasje ‘In gesicht yn beweging’
augustus 26, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
It folk, bleaun yn Jeruzalem,
liet him heechhertich út
oer ballingen yn Babel:
‘Hiel it lân is no fan ús,
wat is folslein nei Gods beslút.’
De timpel yn Jeruzalem
wie net in stien fan oer,
dus liet God Him yn Babel
jilde as it hillichdom,
foar ballingen foar koarte doer.
Dêrnei soe Hy ’t fersille folk
wer bringe nei de grûn
fan Israel, syn stiennen
hert feroarje yn sûn fleis,
gjinien wie mear oan Babel bûn.
Heechhertich folk út Babel wei
en folk bleaun yn de stêd
dat fêsthâldt oan praktiken
dy’t God net ferneare kin,
heart nearne langer thús, it stjert.
* Yllustraasje ‘Hert’