september 16, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
‘Minskesoan,’ sa klonk my as profeet
fan wiere wurden yn de earen,
‘do silst profetearje tsjin
profeten mei har falske wurden,
want fan ’t wiere wurd ha sy gjin weet.’
Tal fan wiere wurden ha ik sein:
‘Jakhalzen binne jimme, dy’t net
sprongen yn de bres foar ’t folk
doe’t yn de stêd in muorre stikken
rekke, want jim bleauwen op it plein.
Frede wie it wurd dat sprutsen waard,
it wie de witerskalk op ’t muorke
dat it sljochte folk boud hie;
wannear’t in stoarm dat muorke falle
lit, hat ek jim witerskalk gjin baat.
Om’t jim fredesfisioen is fier
fan wier, brekt los in stoarm mei stjalprein,
wylst heilstiennen bringe jim
gjin heil, mar krekt oarsom, jim komme
om, lykas de jakhals, in falsk dier.’
* Foto ‘Gûlende jakhals’
september 13, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Minskesoan, de kleare fisioenen
komme út, dy binne wier,
mar falske fisioenen
binne inkeld foar de sier.
Minskesoan, it folk brûkt faak it sprekwurd:
Dagen komme, geane ek,
lykas de fisioenen…
dus it nimt it net sa krekt.
Sis tsjin har: ‘De tiid is nei-oan kommen
dat it wiere fisioen
komt út, mar ’t fisioen dat
falsk is, wurdt net langer jûn.’
Minskesoan, hear hoe’t de minsken sizze
dat dyn fisioen noch lang
net útkomt, mar dat is net
wier, sy wurde no al bang.
Minskesoan, Ik ha lykwols te sizzen
dat myn wurd gjin útstel krijt,
want wat Ik sis, sil barre,
wat dyn fisioen foarseit.
* Yllustraasje ‘Fisioen’