september 23, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Guon âldsten kamen by my,
mar foar’t sy sprekke koene,
hearde ik it wurd fan God:
‘Sy tsjinje smoarge goaden,
stroffelje oer ûngerjochtichheid,
do bist foar My de boade,
dus sprek as minskesoan har ta
mei ’t antwurd dat by harren past
as tsjinners fan de smoarge goaden,
stroffeljend oer ûngerjochtichheid,
hoe is it mooglik dat sy doarden
dy te freegjen om in wurd fan My!
Dus sis as minskesoan tsjin har,
sy wurde foar it folk ta spot,
dat him bekeard hat fan de wei
dy’t streekrjocht fierde nei de goaden,
wylst it stroffele oer ûngerjochtichheid;
de âldsten lykwols wurde weisnoeid
út Israel, tenei in skjinne oarde
foar myn folk, Ik bin har God!’
* Yllustraasje ‘Ezechiël’
september 20, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
‘Minskesoan,’ sa klonk my as profeet
fan wiere wurden yn de earen,
‘kear dy tsjin de froulju fan
dyn folk dy’t ek falsk profetearje,
sjoch har rinnen yn it tsjoenderskleed.
Om de pols ha sy in tsjoendersbân,
in tsjoenderswale om de holle
om myn folk te bringen fan
it rjochte paad, elk om te bringen
dy’t net stjerre moat, gjinien hâldt stân.
Fan de pols raam Ik de tsjoendersbân,
dêrnei skuor Ik de wale stikken
om myn folk te rêden fan
de tsjoensters, falske profetessen
ha de langste tiid fan libjen hân.’
* Yllustraasje ‘Tsjoenster’