Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Micha’s fiersicht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jan van Eyck*

Image

Morêsjet, plak fan de profeet
dy’t wenne mei it útsicht
oer it lân fan noard nei súd;
hy seach de oerdied en it leed,
de earmoed, foar de riken bút,
de Iene joech oan Micha ’t fiersicht.

Omheech it antlit foar it sicht
op ’t wenstee fan de Iene
dy’t net bliuwt sa himelheech,
mar delkomt, want wa docht syn plicht
op ierde? Boarnen reitsje leech,
de bergen misse al it griene.

Omleech it antlit foar it sicht
op ierde, dêr’t de Iene
giet de berch op, komt wer del,
it raant en spjalt, in frjemd gesicht
foar Juda en foar Israel,
dy’t fan de rjochte wegen giene.

* Jan van Eyck (sirka 1390-1441)
Skilderij ‘Profeet Micha’

admin

Jona ûnder de beam

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Jona hie in plak útsocht
mei útsicht foar ferdivedaasje,
mar Ninevé bleau yn it ljocht,
gjin ramp, foar Jona argewaasje.

Gloeiend hjit waard doe syn plak,
mar nei de nacht wie dêr it wûnder:
in beam joech skaad foar syn gerak,
dat Jona koe der net mear sûnder.

Wûnderlik wie it ferrin:
in rûp friet troch de woartels hinne,
wat Jona wie mar min nei ’t sin,
want op ‘e nij stiek him de sinne.

Image

Jona kriich fan God de sin
fan dea en libben, want it wûnder
begûn yn Ninevé, fan min
nei better wie foar elk bysûnder.

* Yllustraasje ‘Jona ûnder de  wûnderbeam’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum