Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Sefanja oer de oardielsdei

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Profeet fan keninklik komôf,
Sefanja, goed bekend mei ’t dwaan
en litten fan de hegerein,
dy’t wis wol wist in slach te slaan,
se hiene al ferskate slein.

De kening wie noch mar in bern,
Josjia koe net folle dwaan
en liet de hegerein ’t regear,
mar soe Sefanja dan net jaan
it oardielsboadskip fan de Hear?

De Hear syn dei is al nei-oan,
benearjend wurdt dy en benaud,
ferneatigjend foar  ’t minskebern,
syn sulver rêdt net, sels gjin goud,
de hiele ierde giet ferlern.

* Ikoan ‘Profeet Sefanja’

admin

Psalm fan Habakuk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Ik, Habakuk, ha ’t boadskip heard
en sjoen de wurken fan de Heare,
it folk smeekt om barmhertichheid,
ik freegje: meitsje ’t wier foardat it stjert,
de grime kin gjin minske keare.

Gods wierheid komt fan boppen,
glânzjend yn de iere moarn,
syn gloarje rint de himel oer,
komt del op berch- en heuveltoppen,
mar om Him hinne is it fjoer
fan gleone koarts en hjitte pest…
is God syn grime tsjin rivieren
of hat de see it kweabist west
dat eangst fljocht hiel de ierde oan?
De sinne stekt de strielen heech
en wjukket mei de moanne fuort…
God is op goddeleazen poer
en leit sabeare helden leech,
mar ’t eigen folk helpt Hy oerein,
it ûnheil is foargoed ferskuord.

Ik, Habakuk, ha ’t boadskip heard
en sjoen de wurken fan de Heare,
ik jubelje om syn belied,
as fan in ree sa linich is myn trêd,
mei dizze psalm wurdt God heech eare.

* Ikoan ‘Profeet Habakuk’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum