Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Jeruzalem wie oeral hoer

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Jeruzalem as hoer hat brûkt
de bûntbenaaide klean foar
’t klaaien fan in manljusbyld
dat makke wie fan goud en sulver,
wijreek hat dy ôfgod rûkt.

Jeruzalem as hoer hat jûn
fyn moal en huning oan it
manljusbyld en oalje dêr
noch by om hearlik op te snuven,
sy wie oan dy ôfgod bûn.

Jeruzalem as hoer joech oan
it manljusbyld ek noch har
bern om troch it fjoer te gean…
wa soe net fan sa’n offer grize?
Dêrmei waard sa’n god bedoarn.

Jeruzalem wie oeral hoer,
foar alle buorlju-folken
om by har heech op te sjen,
sadat sy streekrjocht by har komme,
jild rikt sy dan ek noch oer.

* Yllustraasje ‘Hoer Jeruzalem’


admin

Yn bloed en linnen

Bibelbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Ezechiël

De Hear spriek oer Jeruzalem:
ferachting nei har berte,
hoe’t sy dêrnei achte waard
mei’t God har rjochtop sette.

Jeruzalem kaam sûnder mem
yn ’t bertebloed te lizzen,
fêst noch oan de nâlestring,
gjinien soe tsjin har sizze
dat leafde har ûntfongen hie,
yn doeken har bewuolle
hie, delsmiten waard sy as
in ding, sy wie tefolle.

De Hear kaam lâns en seach har yn
it bertebloed omskoppen,
hoe’t se slim ferachte waard
as helpeleaze poppe.

God wosk Jeruzalem en skjin
mocht sy folwoeksen wurde;
mei’t har tiid doe kommen wie,
spriek leafde wiere wurden
troch klean, sandalen, holledoek
en ringen; mei fyn linnen
om har hinne wie sy as
in wiere keninginne.

* Foto ‘Lytse poppe mei nâlestring’
** Foto ‘Joadske frou’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum