november 8, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
De âlden fregen my in útspraak
fan de Hear foar Israel
om wis te wêzen oer de takomst,
mar befreegje liet de Hear Him net,
it antwurd siet al yn Gods wet.
Ik liet de âldsten ’t oardiel hearre
oer de heiten yn it lân
Egypte dy’t de goaden tsjinnen,
mar se giene troch en harken net,
God hat har dochs út dat lân ret.
De Heare brocht it folk ek fierder,
de woestyn troch nei it lân
dat Hy beloofd hie, mar it tsjinne
goaden lykas earst, it harke net,
hoewol’t God harren joech syn wet.
De heiten ha it lân net helle,
dat de Hear seach nei de bern
mei it each op harren sûne takomst,
mar sy libben ek net nei Gods wet
en waarden út it lân wei set.
* Yllustraasje ‘Gods wet’
november 4, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Wol harkje nei in heftich kleiliet
dat oer de foarsten giet fan Israel,
foarearst oer in liuwinne
soargjend foar har jongen.
Ien fan de jongen dy’t se grutbrocht,
waard sterk, fong proaien, friet sels minsken op,
mar hy soe it net winne,
waard troch folken fongen,
doe nei Egypte brocht.
Neat koe sy fan dat lân ferwachtsje,
dat al har hoop ferfleach, har jongste brocht
sy op as in liuwinne
dy’t ek minsken fongen
hat, sels in stêd lei sy
al brinzgjend del.
De folken hawwe doe besletten
dy liuw mei net har eigen gong mear gean,
dus mei elkoar dêrhinne,
út is ’t mei har jongen,
nei Babel mei dat bist,
dêr yn de sel
opslute!
* Foto ‘Liuw’