april 8, 2017
fan Jan Luyken*
Wy hiene nachts net folle fongen,
heit woe ha, it lei oan ’t net,
it hie syn bêste tiid wol hân,
dus waarden wy oan ’t boetsjen set,
Jehannes woe it leafst nei ’t strân.
Net dat wy konkurrinten wiene,
want de mar tilt op fan fisk,
by Petrus siet it net wer fol,
as fisker wie ús takomst wis,
dochs krigen wy in oare rol.
Jehannes hie it earst wat murken
mei it iene each op ’t strân,
dêr’t ien by ús kollega’s stie,
sa dreau ús takomst nei it lân,
ja, Petrus wie al út ’e rie.
Myn broerke seach it al gau sitten,
hie mei Jezus wol in klik,
it lei him grif oan ’t minskenet,
want fiskers bleauwen wy, mar ik
bin earst noch nei de boat ta set.
* Jan Luyken (1649-1712)
Print ‘Jezus, folge troch Petrus en Andréas,
winkt Jakobus en Jehannes om fan it skip
fan harren heit te kommen’
april 5, 2017
fan Antoon van Dyck*
It koe net minder, tocht ik earst,
mei hege koarts lei ik op bêd
te wifkjen, wie it wier
of kaam it ta my yn in dream:
rûn Petrus mei ien yn de stêd?
It stie my dizich foar de geast:
in gastfrij hûs, lykas it past,
mar ’t foel my doe te swier;
mei pineholle, hege koarts
koe ik net soargje foar de gast.
It fielde noflik mei in hân
dy’t oer myn hjitte holle striek
en tagelyk dy stim:
‘Foar dizze frou in koele stream.’
In wûnder dat de koarts doe wiek.
It koe net better, út ’e brân
wie ’k fan de koarts en ek de noed
fan ûngastfrije frou:
’k fersloech de honger, ek de toarst,
it iten smakke elkien goed.
* Antoon van Dyck (1599-1641)
Skilderij ‘Jezus genêst de skoanmem fan Petrus’