april 22, 2017
fan ûnbekend*
It moat my fan it hert,
de lêste tiid hie ’k net myn draai,
want jild is ek net alles,
ik hold my krekt oan Romes wet,
dus wat ik die, wie wol legaal.
Ik wie net populêr,
it folk gie my ’t leafst út ’e wei,
myn tol wie faak tefolle,
mar sis no sels, de fraach wie wêr
koe ’k hinne mei myn jildferhaal.
Yn ien klap wie ’k derút,
earst út ’e rie, doe út ’e tol,
ik hoegde neat te sizzen,
want Jezus rôp, by einbeslút
ha ’k elk útnoege foar it miel.
Mar wer wie der krityk,
want Jezus wie foar my te gol
as garder, ek fan sûnden,
mar sis no sels, ik bin no ryk
as minske, diel fan it gehiel.
* Skilderij ‘Ropping fan tolgarder Levy’
april 19, 2017
fan pater Herman Falke
In wûnder, want ik kin wer rinne
nei lange jierren lizze,
ferlamme, sûnder hope, libbenslang,
sa lei myn wrâld derhinne.
Wat is in libben sûnder maten
dy’t wat te sizzen hawwe?
Ik woe der earst net oan, mar lang om let
bin ik troch har bepraten.
Sy ha my nei dat plak ta droegen,
ik sil it earlik sizze:
ien dy’t ferlamme is, fertrout it net,
wurdt troch gjin frjemde noege.
Myn freonen lieten my net lizze
en ha my heger droegen,
in gat yn ’t dak, ik wist net wat ik seach,
sa koene sy it risse.
Ik bin doe foar syn fuotten sakke
en kriich wer justjes hope,
syn krêft gie troch my hinne as in weach,
hy hat my better makke.
* Pater Herman Falke
Byld ‘Jezus genêst in lamme’