november 15, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
De godsspraak fan de Hear wie dûbel:
syn grime kaam op ’t earste plak,
doe liet de geunst him hearre
mei de komst nei Israel,
Gods folk wie wer yn tel.
De Hear wie earst de strange hoeder
mei yn de hân de hoedersstêf
dêr’t hy de skiep mei telde;
minne skiep liet hy net ta,
de goede woe er ha.
Dêrnei waard God de goede hoeder
dy’t wiisde nei de hege berch
fan Israel om dêr te
bringen offers fan de dei,
dat wie de goede wei.
* Yllustraasje ‘Hoeder mei stêf’
november 11, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
De iene útspraak folget
op Gods oare wurdestream,
’t komt op itselde del:
it folk hat Him de rêch takeard,
neat fan de heiten leard.
De heiten hawwe ek neat
leard fan ’t libben ûnderweis
nei har beloofde lân,
se brochten offers oan in god,
de Hear waard sa bespot.
De soannen bringe tal fan
offers oan deselde god,
’t komt op itselde del:
it folk hat God de rêch takeard,
neat fan de heiten leard.
Sy freegje om in útspraak
fan de Hear, mar ’t is fergees,
’t komt op itselde del:
lykas de folken earje sy
in ôfgod, neat is nij.
* Yllustraasje ‘Ferearing fan in ôfgod’