mei 19, 2017
fan ûnbekend*
As offisier kin ik wol stjoere
myn soldaten wêr’t ik wol,
mar doe’t myn feint op bêd lei,
skeat daliks ’t moed my fol.
Ik stie by him mei lege hannen,
yn de frjemdte as Romein,
besetter, sa’t it hjir leit,
wie alles dêrmei sein?
Wol boude ik de synagoge,
net mei hannen, mar mei jild,
dus ha ’k hjir wat te sizzen,
bin ’k boppe oaren tild.
Resint hie ’k heard fan preker Jezus,
mar dy bêste man koe ’k net,
twa âldsten rap derhinne,
’t wie oars as ‘mars’ of wet.
Doe’t ik fernaam, hy woe wol komme,
leaude ik, it kaam wol goed,
al wie it ek op ôfstân,
dat joech de boarger moed.
In offisier kin dan wol stjoere,
mar de geast keas hjir in wei
dy’t my it swijen oplei,
myn feint kriich wer syn draai.
Foto ‘Romeinske offisier’
mei 17, 2017
fan ûnbekend*
Petrus wie earst op ien ein,
want Jezus hie it oer in beam
mei minne fruchten, dat loek hy him oan:
‘Filippus,’ sei er, ‘sa hat er it sein,
it is foar my bedoarn!’
Petrus harket faak mar heal,
dus holp ik him gau út ’e dream:
‘In beam mei goede fruchten is der ek,
want soks stiet boppe wetter as in peal!’
Dat byld fûn hy net gek.
Noch woe Petrus derop ta
dat Jezus sei, hy harke net
en dat de die net nei syn wurden wie:
‘Ik woe graach Jezus justjes wizer ha,
dat is myn wize rie!’
Wer gie ik tsjin Petrus yn:
‘Hasto dyn geastlik hûs net set
op rotsgrûn, lykas Jezus dat graach sjocht?’
‘Jawis wol, gjin gefaar mei rein en wyn!’
Dat Petrus’ ein waard rjocht.