september 9, 2017
fan Johannes Vermeer*
Wy kinne goed tegearre,
wenje hjir ek nei it sin,
twa susters ûnder ’t selde dak,
by Marta ha ’k it net sa min,
krij troch har soargjen myn gerak.
It barde juster, Jezus
kaam yn ’t doarp en waard ús gast,
dat Marta soarge foar it miel
en helle alles út ’e kast,
ik bleau by Jezus, kriich myn diel.
It hie miskien oars moatten,
want gjin minske is gelyk,
’t wie Marta dy’t der wat fan sei:
sy yn de skrep en ik hie ’t ryk
by him allinnich, dus myn draai.
Ik hie wat oars ferwachte
as wat Jezus’ antwurd wie,
mei Marta hie ’k te dwaan, dy siel
die wêr’t sy altyd al foar stie,
mar dochs, ik keas it bêste diel.
* Johannes Vermeer (1632-1675)
Skilderij ‘Kristus yn it hûs fan Marta en Marije’
september 6, 2017
fan Georg Friedrich Stettner*
Wy wenje hjir al jierren,
ha it yn dit doarp nei ’t sin,
twa susters mei ferskil yn aard,
ik hâld fan himmel, ’t moat wol skjin,
Marije hat by tinken baat.
Neat mis mei har, mar juster
wie ’k de hiele dei yn ’t spier,
want Jezus wie by ús te gast,
sy siet by him, sa foar de sier,
ik yn de wear, lykas dat past.
Faaks hie ’k it sa net sizze
moatten, mar it siet my heech
dat Jezus har dêr sitte liet,
wylst ik mar soarge, hie it dreech,
ik frege inkeld hoe’t dat siet.
Ik hie it net ferwachte,
mar it is no ienkear bard,
ik kriich in snútslach, sy gelyk,
Marije keas it bêste part,
ik stie mei ’t soargjen moai te kyk.
* Georg Friedrich Stettner (stoarn yn 1639)
Skilderij ‘Jezus yn it hûs fan Marta’