december 13, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Al wer spriek God my oan as soan,
diskear om wegen út te setten
dêr’t de foarst fan Babel oer koe,
it kaam no op ’e rjochting oan.
Ik snie foar him in wizer út
om op ’e twasprong del te setten,
dat de foarst fan Babel sjen koe
de rjochting foar in fêst beslút.
Nei Rabba rûn de iene wei,
de haadstêd fan de Ammoniten,
nei Jeruzalem de oare,
wat alles oer it kweadwaan sei.
In pylk joech krekt de rjochting oan
en ek de stim fan it orakel
liet Jeruzalem lûd hearre:
foarst Sedekia hie ’t bedoarn.
Syn hege troan giet oer de kop,
it lege wurdt op hichte setten,
Hy dy’t komt, hat rjocht fan oardiel
en ropt it folk ta rjochtdwaan op.
* Foto ‘Twasprong’
december 6, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Lit, minskesoan, dyn lûd hjoed hearre
as in rouliet fan it deadzjend swurd,
do moatst roppe, raze, gûle,
rûnom slacht it swurd it swalkjend folk,
ek alle foarsten sille stjerre.
Do deadzjend swurd, kom no nei foaren,
lit it folk dyn skerpe kanten sjen,
rjochts en links is ’t swurd al slipe,
wêr’t de skerpte mar op rjochte is,
it swurd lit achter djippe spoaren.
Deaslagger, nim it swurd yn hannen,
foar de grutte slachting is it klear,
lit it flikkerje as bliksem,
lit it swurd him tjirgje trije kear,
it is bestimd foar alle stannen.
* Foto ‘Swurd’