Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Rjochtdei

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Do minskesoan, hâld rjochtdei
oer Jeruzalem, de stêd dy’t bloed
troch alle strjitten streame lit,
dy dei sil sprekke oer de dagen
dy’t de stêd net mear belibje sil,
lit witte hoe’t it sit.

De âlders wurde net yn
eare holden, wees en widdo ha
in min bestean, de sabbat kin
gjin sprekken lije, op ’e bergen
wurde offers oan de goaden brocht,
lit witte it ferrin.

Oan regels wurdt net holden
as it om de drift fan ’t lichem giet,
de seks nêst dy fan man en frou,
jim liene jild tsjin woekerrinte
út, fermoarde wurdt der ek foar jild,
jim nimme ’t net sa nau.

De smoarge winst dy’t makke
wurdt, fertsjinnet klappen mei de fûst,
ûntnommen wurdt jim alle moed,
de folken sille jim bespotte
as de ballingskip úteinset is
as straf foar al it bloed.

* Yllustraasje ‘Rjochtspraak’

admin

Undergong fan Ammon

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

God rôp my wer as minskesoan
om dizze kear te profetearjen
tsjin de Ammoniten, aaklik folk
dat húnde doe’t Jeruzalem
te lijen hie fan Babelsk kening…
har lûd krijt moarn in oare toan.

Fûleinich wjerljochtet it swurd
dat ree is foar de grutte slachting
fan de Ammoniten, aaklik folk
dat leagens jout in lûde stim
en leaut yn falske fisioenen…
har libben hat gjin inkel nut.

Op ’t plak dêr’t Ammon berne is,
dêr’t hy him ek nei wenjen sette,
grutske Ammoniten, aaklik folk
dat spotte mei Jeruzalem,
de Hear sil rjochtdei oer jim hâlde,
jim ûndergong troch fjoer is wis.

* Foto ‘Fjoer’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum