mei 19, 2018
fan Rembrandt*
Ik kin it no wol sizze:
’k hie de smoar op myn kollega yn
dat hy alhiel gjin útspraak die,
Herodes draait mei elke wyn,
hâldt oer de dieders gjin berie,
ek net oer dizze.
Mar ik moast my beriede
oer de skuld fan him út Nazaret,
dy’t neffens my ûnskuldich wie;
ek nei har wet… dat wit ik net,
de Joaden raasden, gjin berie
mear oer syn dieden.
Ik koe net oars, wol trije
kear ha ik it rjocht nei foaren brocht
en ek wat Barabbas dien hie,
de Joaden ha der oars oer tocht
en wiene daliks út ’e rie:
oan ’t krús en lije!
* Rembrandt (1606-1669)
Tekening ‘Kristus sjen litten oan it folk’
mei 16, 2018
fan Miguel Cabrera*
Fansels wie ’k yn Jeruzalem
om ’t feest wer mei te meitsjen,
net dat ik sa leauwich bin,
mar ’k mei graach op ’e hichte reitsje.
Pilatus wie der glêd mei oan,
sa kriich ik moarns te hearren,
middeis brocht er my de rom
fan Nazaret, alhiel mislearre.
Earst reagearre ik optein,
de hoop wie op in wûnder,
dy’t ferfleach doe’t hy neat sei…
wat wie oan him dan noch bysûnder?
Wat bleau der dan foar my noch oer?
Oars neat as him bespotte
mei in mantel fan in oar,
myn liifwacht brocht sabeare skatten.
Wy koene earst net troch ien doar,
Pilatus woe net prate,
sûnt dy Jezus waard it oars,
wy wiene letter bêste maten.
* Miguel Cabrera (1695-1768)
Skilderij ‘Jezus foar Herodes’