Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Beker fol ellinde

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Ololiba, tink hjir mar om,
do hast dyn nocht fan frijers,
dy set God wol tsjin dy op
mei weinen en mei wapens;
sy snije dy de noas en earen ôf,
wat dêrnei fan dy oer is,
wurdt troch it fjoer fertard,
wit dat dit bart.

Ololiba, it is dêr om
datsto de beker drinke
silst, dy’t ek dyn suster dronk,
in beker fol ellinde,
sa djip en wiid dy is, do drinkst him leech,
dêrnei bytsto him stikken,
ritst út dyn boarst it bloed,
do komst yn noed.

* Foto ‘Beker’




admin

Hoeren yn tinten

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Frjemd wie de útspraak fan de Hear:
twa susters, beide wiene hoeren
mei like frjemde nammen:
Ohola en Oholiba,
yn Egypte diene sy al sa.

Ohola is Samaria,
sy wenne yn har eigen tinte
en libbe ûnbeskamme:
Assyriërs woe sy dêr ha,
as in hoer liet sy dy keardels ta,
al yn Egypte die sy sa.

Ohola en Oholiba,
Jeruzalem hat slimmer huorke,
yn har hie Ik myn tinte,
sy woe neat fan myn leafde ha,
liet de Babyloniërs wol ta,
al yn Egypte die se sa.

Se kamen fan deselde mem,
twa susters, beide wiene hoeren,
sy libben ûnbeskamme,
Ohola en Oholiba,
yn twa tinten woene sy ’t sa ha.

* Foto ‘Twa tinten’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum