Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

By de muorre del

Bibelbylden

fan Philip Galle*

Wy hawwe Saulus sakje litten
by de muorre fan Damaskus del,
om’t alle poarten sletten wiene:
de stêd as sel.

Us bruorren, lykas wy ek Joaden,
woene him de dea ynjeie, mar
hoe soe men soks gewurde litte?
It wie te bar.

Om’t Saulus yn de synagogen
fan Damaskus goede wurden hie
foar Jezus, wie dat foar de Joaden
in misse die.

Us eagen giene troch him iepen
lykas dat by Saulus ek bard wie,
hy hat ús op ’en paad meinommen
sa’t hy ek gie.

Mar nachts ha wy de man meinommen
nei de muorre, stadich derby del,
om’t wy as Joaden iepen stiene,
al slút de sel.

* Philip Galle (1537-1612)
Yllustraasje ‘Saulus ûntsnapt út Damaskus’

admin

Ananias stimt mei

Bibelbylden

fan Pietro da Cortona*

Wat kin in stim in protte dwaan!
It lûd dat út ’e hichte kaam,
dêr bin ik kjel fan wurden:
nei Saulus moast ik my bejaan,
dy’t ek in fisioen hân hie
oer my, te gek foar wurden!

Ik ha doe sprutsen tsjin dy stim:
‘Dy Saulus is hjirhinne kaam
om ús te arrestearjen;
sa die er yn Jeruzalem,
om’t hy in Jezus-hater wie…
moat ik sa’n man wurdearje?’

Dat moast ik wol, want foar de Hear
soe hy mei ’t wurd de wrâld yngean
en sa it heil ferspriede;
troch ’t wurd fan my kaam it wer klear,
hy seach wat him te wachtsjen stie,
de wurden waarden dieden.

* Pietro da Cortona (1596-1669)
Skilderij ‘Ananias lit Saul wer sjen’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum