Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Julius mei Paulus op see

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Legerkaptein, net as skipper,
yn dy funksje stapte ik oan board
om Paulus oer te bringen
nei de keizer, dêr’t er hinne woe
as boarger, mar as Joad?

Gjin ferstân fan waar en weagen,
dêrom liet ik oan de skipper oer
om feilich oer te bringen
Paulus, dy’t op see net flechtsje koe,
dochs waard de reis in toer.

Sidon, Cyprus en doe fierder,
myn beslút om oer te stappen op
in skip dat foer nei Rome;
Kreta kaam yn sicht, dêr’t Paulus woe
it leafst in winterstop.

Legerkaptein, dus gjin skipper,
dy’t it foar it sizzen hie, dat kop
derfoar, gjin deade dingen
baas; wa’t nei de keizer woe, dy soe
nei Romes heechste top.

* Kaartsje ‘Paulus’ reis nei Rome’

admin

Oardiel fan Agrippa

Bibelbylden

fan Nikolai K. Bodarevski*

As kening ha ik mear te sizzen
as gûverneurs yn dit Romeinske ryk,
dêrby komt noch it grutte foardiel
dat ik de wetten fan de Joaden ken,
dus kin ’k ferbinings lizze.

By Festus wie ik op besite,
myn leave sus Bernice giet dan ek mei…
it folk stiet gau klear mei in oardiel,
mar sa’n relaasje falt wol te besjen,
it hat my noch nea spiten.

De gûverneur liet gau al witte
dat hy mei Paulus yn de knipe siet…
gjin joadske kennis is in neidiel,
it is mar goed dat ik dy wetten ken
om foar en tsjin te mjitten.

Dy Paulus kin syn wurdsje sizze
oer dea en libben, Jezus libbe wer,
wat wie foar ús it grutte foardiel,
want wa’t dat leaude, gie net mear ferlern…
’t ferbân koe ik net lizze.

Myn oardiel ha ik witte litten:
ûnskuldich, mar wol nei de keizer ta.

* Nikolai K. Bodarevski (1850-1921)
Skilderij ‘Ferhoar fan Paulus’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum