april 6, 2019
fan ûnbekend*
Al withoelang bin ik soldaat,
ien fan de âlde garde;
sjoch ik op dy tiid werom,
dan is’t in wûnder wat lêst barde.
Wy rekken stjoerleas ûnderweis
nei Rome, sûnder seil en
riemen hiene wy ’t net rom,
it kaam geregeld oan op peile.
It waard ûndjipper ûnder ’t skip,
ik hearde doe ien roppen:
‘Smyt de ankers gau oerboard!’
Ik seach… de see hie wite koppen.
Der wie foar ’t skip gjin hâlden oan,
in sânbank hat it brutsen,
as soldaat begiest gjin moard,
dus ha ’k it swurd tsjin Paulus lutsen.
Us offisier rôp my werom,
hy hat syn libben sparre;
elk kaam feilich op it strân,
sa bin ’k dochs foar in moard bewarre.
* Yllustraasje ‘Strâning op Malta’
april 3, 2019
fan Jan Luyken*
Al jierrenlang bin ik matroas
en ha op mannich skipke fearn
yn stille riten en stoarmwaar,
kaam altyd feilich yn de haven,
mar de lêste reis wie oars.
Mei sudewyn fan Kreta ôf
koe ’t folle seil der rom by stean;
ynienen foel de wyn deryn,
wy waarden fan de stoarm as slaven
oan de riemen… los dat tou!
De stoarm hold oan, dus fracht oerboard,
de mêst en gyk der achteroan,
it skip waard licht lykas iksels,
yn dagen hiene wy net iten,
net in hap, mar wie soks snoad?
’t Wie Paulus dy’t ús ite liet
en moed ynspriek op wisse toan:
wy soene rêden wurde, soe
it ús dan om de skipbrek spite?
Syn gelyk, ’t is wier, sa gie’t.
* Jan Luyken (1649-1712)
Yllustraasje ‘Skipbrek by Malta’