april 20, 2019
fan Paulus*
Mei alle goeds sprek ik jim oan,
it hiele folk fan Rome;
omdat God fan minsken hâldt,
komt jim no al de frede ta,
dus libje út syn goedens wei,
ik skriuw út namme fan de Heit en Soan.
Ik moat it mei dit skriuwen dwaan,
kin net meikoarten komme,
mar jim bliuwe yn ’t ûnthâld,
dan reizgje ’k letter nei jim ta
mei ’t boadskip fan de nije tiid,
ik skriuw dit no om jimme hoop te jaan.
Sels yn Korinte ha ik heard
hoe’t jim mei ynmoed leauwe,
dat ferhaal giet oer de wrâld
en komt mei waarmte op my ta,
lûkt tagelyk it boadskip oan
dat ik al jierren bring fan stêd nei stêd.
* Kopy út ’e tredde iuw fan Romeinen 1,1-7
april 17, 2019
fan Enrique Simonet*
Al jierren wenje ik yn Rome,
ha as Joad hjir altyd wolkom west
en kin my hâlde oan Gods wetten;
as de keizer sines krijt,
bin ik tefreden mei de rest.
Geregeld bin ’k nei Paulus setten;
twa jier lyn kaam hy yn Rome oan,
omdat er opkaam foar syn rjochten;
’k wie as fromme Joad benijd
nei wat er sei oer God syn Soan.
Mei ynmoed hearde ’k nei syn wurden:
dat Jesaja Kristus’ komst foarsein
hie, mar gjinien woe dêrnei hearre;
No waard ek syn boadskip mijd…
iksels bin troch syn dea ferslein.
’t Is stjerrend wier, hy is ûnthalze,
sa is Paulus troch syn Hear befrijd.
* Enrique Simonet (1866-1927)
Skilderij ‘Paulus ûnthalze’