mei 11, 2019
fan ûnbekend*
Korinte, wês net eigenwiis,
lykas dyn hearskers binne,
want de wiisheid komt net út dysels,
troch eigen wiisheid bliuwst allinne.
Gods wiisheid heint gjin each of ear,
komt net út minskeherten,
mar is ferburgen as in heimnis,
in heimnis boppe alle wetten.
De Geast jout ús Gods wiisheid troch,
sadat wy sprekke kinne
fan it heimnis, net ferburgen mear
foar ús, wy binne net allinne.
Korinte, dyn natuerlik folk
neamt dwaas wat komt fan boppen,
wy skôgje wiisheid yn de dingen
dy’t ús ta libben leauwe roppe.
Yllustraasje ‘Argeologysk park fan Korinte’
mei 8, 2019
fan Paulus*
Korintiërs, jim stêd spriek my wol oan:
de haven mei de skippen oeral wei,
de timpels en de synagoge,
elk fereare dêr mei hiel syn siel,
mar soe it allegear wol doge?
Ik groetsje jim en tankje God aloan,
jim binne ryk, want Kristus is de wei,
sa’t jimme troch de Geast wol witte;
troch myn tsjûgenis krijt elk syn diel…
mar ienheid mei gjinien ferjitte.
Dus bruorren, stean ik der by jim op oan
ienriedich op ’en paad te gean, gjin wei
fan skieding, sadat mear partijen
ûnder jim ferdiele it gehiel,
want skieding bringt oars net as lijen.
Ik woe mar sizze, wiis gjin minske oan,
ek Kristus net, dêr’t jim in skoftke wei
fan binne, want dan komt der skieding,
ûnderdielen taaste oan de siel
fan Kristus’ wurd, ús iennichst lieding.
* Earste brief fan Paulus oan de Korintiërs’