juli 6, 2019
fan Meester Arnt van Kalkar*
Myn leave bern, hoe ha ’k it no
mei jim as slaven fan de goaden?
Ha ’k jim God net kennen leard
om Him mei hert en siel te tsjinjen?
It giet no op ’e kop ferkeard,
foar’t jim dy stjitte, rop ik: ‘Ho!’
Wurd nei de geast oan my gelyk,
want ik bin ek gelyk oan jimme
wurden; net nei ’t lichem dat
doe siik wie, dochs ha ’k jimme tsjinne
en jimme my, dat die my wat,
as wie ’k Gods ingel, himelsk ryk.
Ik ha it no by jim bedoarn,
as wie ik jimme grutste fijân,
want kweamachten ha it wûn
as jimme net werberne binne,
dus libje nei de geast ynsûn,
oars bin ik glêd mei jimme oan.
* Atelier ‘Meester Arnt van Kalkar’ (ein 15e iuw)
Byld ‘Apostel Paulus’
juli 3, 2019
fan ûnbekend*
Galatiërs , ûnnoazel folk,
jawis, ik skeld jim hjirfoar út,
jim ha de wet foar eagen:
inkeld letters en dus minskewurk,
de flok oer wa’t him dêroan hâldt.
Galatiërs, de Geast is tolk
foar jim, dy leit Gods Skriften út:
wa’t leaut yn Kristus’ wurden,
wurdt beholden, want dat wie syn wurk,
syn ierdske wei is ús behâld.
It is begûn mei Abraham,
want hy kaam foar syn leauwe út,
troch him krijt elk de seine
dy’t út leauwe libbet, net troch wurk
dat foarskreaun wurdt… de wet is kâld.
Yllustraasje ‘De wet en de belofte’