september 28, 2019
fan ûnbekend*
Oan Timoteüs, myn soan yn ’t leauwe,
fan Jezus Kristus’ boadskip wis;
fan Paulus, roppen troch de Hear,
dêrfoar hie hy it mis.
Wreed ha ik de kristenen ferfolge,
mar Kristus is oan my ferskynd,
dêrnei wie ’k foar syn boadskip klear,
wat men dêr ek fan fynt.
Witst, Timoteüs, dat ik dy frege:
‘Wolst langer bliuwe yn de stêd
om tsjin te gean de falske lear,
dy’t faaks it oars wol rêdt.’
It binne learaars dy’t de wetten
ferkundigje op har manier,
se snappe ’t sels net, jouwe kear
op kear har wurd foar wier.
Dus, Timoteüs, ferbied har fabels,
do witst wol, it is praat-fan-neat,
wy binne mei dat boadskip klear,
it is ta leechte keard.
* Ikoan ‘Timoteüs’
september 25, 2019
fan Paulus*
Wy skeppe oer ússels net op,
mar hawwe wol it goede foarbyld jûn
troch hurd te wurkjen, dei en nacht,
jim hiene troch ús dwaan gjin strop.
Der binne ûnder jim ek guon
dy’t net arbeidzje, omdat sy de Hear
ferwachtsje, slaan op wurk gjin acht,
dy lju ferslite net de skuon.
Gean net mei sokke bruorren om,
sy hawwe wol fan alles by de ein,
mar wurk ha sy net yn de macht,
dat sizze se, har praat is krom.
Wa’t neat mear docht, is wol jim broer,
warskôgje him, faaks giet er wer oan ’t wurk,
dan slacht er op it goede acht:
wês wach yn ’t wurk, de Hear komt oer.
* Part fan de twadde brief oan de Tessalonikers
(haadstik 3)